De romp, diel 2

Werom

Rûnom kryst 2005 wie der wer efkes tiid om wat wurk te fersetten.

De skeage wurdt út de kylbalke beitele

De skeage wurdt út de kylbalke beitele. Hoewol ’t hjir giet om in relatyf ynfâldich detail, geat der dôchs gau in oerke wurk ien sitten.

 

Fêstlymjen fan it spantwurk

It spantwurk wurd foargoed fêstlime. Der is gjin wei mear werom. Alles fansels sa wetterpas mooglik, dus oanhâldend mei de wetterpas oan it wurk. Mjitte, kontrolearje, mjitte en wer kontrolearje.

 

Hjir in idee fan de grutte fan de boat

It spantwurk is klear. Om in idee te krijen fan de grutte fan de boat, hjir op de gefoelige plaat festlein tsjin in doar. De boat weaget op dit stuit 2,2 kg.

 

Myn freon Piter

Om fan de PVC doppen strielbuizen te meitsjen foar de skroeven, mat der wol it ien en oar oanpast wurde. Sa matte de râne en de boaiem fan elke dop ôfseage wurde. Lokkich wie Piter, myn elektryske figuerseage sa freonlik om hjirby assistinsje te ferlienen.

 

It oanbringen fan de skroefassen

It oanbringen fan de skroefassen. De strielbuizen binne hjir al pleatst.

 

De kont fan it skip

Sicht op de beide skroeven, hjir fansels fotografearre fanôf de efterside fan it skip.

 

De hear De Jong fan Van Voorden wize my der op dat dit gjin skroeven binne, die yn strielbuizen thúshearre. Hy wie sa freonlik om in eameltsje mei foto’s nei my te stjoeren, wêrop it ûnderskied dúdlik te sjen is.

 

In gewoane skroef

Skroeven, dy’t net ûntwurpen binne foar strielbuizen, hawwe rûne blêdseinen. Boppesteande foto lit in soksoarte skroef sjen (mei tank oan de hear De Jong).

 

In skroef, ûntwurpen foar in strielbuis

De foto hjirboppe toant in skroef dy’t ûntwurpen is foar in strielbuis. Dúdlik is te sjen dat de blêdseinen ôfkappe binne. Dizze skroeven binne fan it saneamd kaplanmodel. Op dizze foto is ek dúdlik te sjen daat de romte tusken skroef en strielbuis minimaal is. Myn heit wist him te heugjen dat se mei de fearboat ea in bân fan in auto yn de skroef hoan ha. Dizze siet muorrefêst tusken skroef en strielbuis. De skroef is troch dizze bân sa hurd stil kaam te stean, dat de kearkeppeling it bejoech. De autobân is op de helling ferwidere. (Ek dizze foto mei tank oan de hear De Jong).

Foar safier ik wit binne der foar de modelbou gjin skroeven te finen fan it kaplanmodel, fandear dat ik oanwiisd bin op beskikbar reau.

Werom