De flaggemêst

Werom

 

It is nochal in gedoente om fan in rjochte stôk in bytsje taps tarinnende flaggemêst te meitsjen. Ik haw de neikommende trúk úthelle.

It meitsjen fan de flaggemêst

De skuormasine is op ‘e kop festklamme yn de wurkbank. Dizze is foarsjoen fan groukerrelich skuorpapier. Fansels wurdt de skuormasine oanset. De rûne stôk mei in diameter fan 10 mm is yn de boarmasine klemt. Sa is de stôk giseljend oer de skuormasine te bewegen en wurdt de stôk moai rûn ôfskuorre. Om it risiko fan ôfbrekken foar te kommen, is in lyts stikje hout brûkt mei in boarre gat fan 10 mm. Dat wurdt om it oare ein fan de stôk skoot en mei de hân beethâlden. It tsjinne om samar te sizzen as in lager. En dernei oe sa foarsichtich oant wurk gean en tiid dwaan.

 

De ra

De ra is seage út in rjochthoekich stikje hout, dêrnei rûnskuorre.

 

De mêst is no alhielendal klear, kompleet mei topljocht. De betrieding fansels netsjes fuortwurke yn de mêst. Hoe? De mêst is yn de lingterjochting troch seage, dêrnei is yn it midden in greef kerve wêr’t de betrieding yn lein is. Dêrnei binne de beide mêsthelten wer oan elkoar lime.

Werom