Brân

Werom

It gie fansels net altyd goed.

Johan Willem Friso

Sa fear it skip de Johan Willem Friso yn folle gloarje yn folle see.

 

Útbaarnd skip

En dit bleau der fan oer nei in brân. De brân heucht my noch goed. Ik wie noch in bern doe´t ik wekker waard en fan ús heit en mem hearde dat it skip útbaarnd wie. Fluch yn é klean, de dyk op fleane en mei besauwing sjen nei wat der oerbleaun wie fan wat wêr´t je grutsk op wienen, om´t it sa´n wichtich part wie fan it wurk fan dyn heit en dus fan dyn eigen libben.

Fan Gerrit Mollema út Stadskanaal krige ik op 13 augustus 2007 de folgjende foto tastjoerd.

Syn ferhaal:

"Hjir haw ik noch in foto wêr 't de Johan Willem Friso yn é fik stiet, it wie op 27 / 28 jan. 1967.

De foto is makke troch Willem Wilstra fan é Skâns."

 

Terug