Konkurrinsje

Werom

In model fan it orizjinele skip

Fraai stikje húsflyt. In model fan it orizjinele skip. It is spitich dat ús heit net mear wit wa´t de makker wie fan dit modelskip.12 augustus 2007.
Ik krij in e-mailtsje fan de hear Peter de Lange út Sauwerd yn Grins. Hy hat boppesteand model makke. Hjirûnder syn ferhaal.

"Myn model is in statysk model skaal 1:25 en dan ûntkomme jo net oan ynterieur. En dat jildt ek foar in 1:17 model op it wetter. ‘t moat op 't lêst ek wat lykje net wier?

Ik haw it model bout yn de jierren 1984 -1987. Ik wie doetiids 15 jier doe 't ik der mei begûn. As MAVO-skoallier koe ik dat der blykbar wol by dwaan.

Ik haw yn de simmer fan ’84 by skipswerf Amels tekenings oanfrege.

Ik krige úteinlik in algemien plan. Dermei bin ik dus mar oan de gong gien.

De romp haw ik bout út tripleks spanten en dat is oertrutsen mei gelaagd balsahout. Dat letste wie wat ûnortodoks, mar it wurke. Ik wie alles in bietsje oan it útfinen sis mar. Foar die tiid hie ik allinnich mar in foaroarlochs wetterlinemodel fan in omke fan my opknapt dy’t heal opfretten wie troch houtwjirm. Dit model wie allinnich mei hout, blik, knopen en oar alledeistich guod yn elkoar set. Mar goed, doetiids hienen jo doch ek neat.

Werom nei de “Schiermonnikoog”: ek doe wenne ik yn Sauwerd en fytste sa bygl. in kear yn de krystfakânsje hin- en wer Lauwerseach om maten en foto’s te nimmen etc. (de Schiermonnikoog lei yn die jierren ‘s winters ûnbebrûkt yn de Lauwerseacherbinnenhaven. Fansels wie ik er mei donker earst wer. Dat makke it bouwen fan it model in hiele ûndernimming.

Doe 't de romp klear wie begûn ik mei de opbou. Disse is alhiel optrutsen fan sink (ek wer sawat). De mantel fan in sneuvele brearoaster ûndergie in komplete feroaring en waard it sloepke, en –nei lang sykjen- rekke in manufaktueresaak in grut oantal knopen oan my kwyt om’t die sa hyl moai lieken as plafonniêre–op-skaal.

Sa kin ik noch wol efkes trochgean... wat wol efkes aardich te fertellen is dat it model noch net ree wie of hy gong mei de Rottum fan út de stêd Grins troch it Reitdiep nei Skiermûntseach. Dizze reis wie nei oanlieding fan 100 jier strânhotel en 75 jier WPD en der wie derom in fearboat-eksposysje op Skiermûntseach, fandear!

Ik hoech tink ik net te fertellen wa't op die trip de kaptein wie.

No ja, fierder ha ik yn dy tiid in protte dia’s en foto’s makke. In protte detailfoto’s en maten opnommen en sa.

Mar goed, ik kin wol efkes trochgean mar moarn moat ik wer oan it wurk, dus ik hâld der earst mar wer efkes mei op.

Freonlike groet,

Peter de Lange"

Werom