De haven
Fiskersboat mei koade WL, dus ôfkomstich fan de doetiidske gemeente Westdongeradiel.
In foar my ûnbekend skip. De foto is yn els gefal resinter dan 1969, omdat rjochts op de eftergrûn de trije gebouwen fan de spuislûzen op Lauwerseach te sjen binne.
Dit moat it skip "De Vooruitgang III" wêze. Op in bankje neist de boech stiet Hielke Bouma, in omke fan my. Op de punt Jelle Haaima. De man lofts op de foto is Geert Schaap.
Gjin kommentaar nedich fierder. Wol is dúdlik te sjen dat de floedstripe heger lei dan de wetterstân op dizze foto.
Dizze "Brakzand" liket op de "Brakzand" dy´t ik kin as fearboat. Letter is it skip ferboud, de beide mêsten binne in elts gefal ferdwûn. Neffens ús heit is it skip ûntwurpen as fearboat, dus wêrom it skip hjir as resjerzje skip oantsjutten wurdt is net dúdlik.
Lofts op de foto Janus Toxopeus, in soan fan Mees Toxopeus en rjochts Klaas Scheepstra. Markante koppen. Prachtich.