Yntermezzo

Werom

Hoewol in soad fan tekeningen of te lêzen is, is er dôchs immer  nijsgjirrigens nei de wurklikheid dy’t net immen ienfâldich te efterheljen is. It ûnderwetterskip stiet wol op tekening, mar hoe it no krekt boud is, bliuwt in riedsel.

Op 21 augustus 2006 waard ik skile troch riederij Tisset. De “Moby Queen” lei op ‘e “Oranjewerf” yn Amsterdam en ik mocht komme te sjen. Op woansdei 23 augustus waard ik troch Kees by steat stelt om it skip oan de ûnderkant te besjen en te fotografearjen. Foar my in unike gelegenheid. Hjirûnder inkelde foto’s.

 

Heech en droeg op 'e helling

It skip heech en droeg op 'e helling. Geweldich om te sjen dat de ûnderkant sa flak is as in doar.

 

Skroef en roer

Skroef yn de strielbuis en it roer. It roer is by de bou sûnder V-foarm oan de efterside ôflevere. Dizze V-foarm is neffens ús heit oanbrocht op fersyk fan de bemanning, om mear druk op de roeren te krijen en dertroch de wurking te ferbetterjen.

 

Strielbuis

Detail opname fan in skroef yn ‘e strielbuis.

 

Efterkant

De tekenings jouwe gjin klear byld hoe’t oan de efterside efterkant en ûnderkant yn inoar oerrinne. Hjir is dat dúdlik te sjen.

 

Skerpe kop

Skerp snijde kop.

 

Pypskoft

Kees is de hiele moarn warber west yn ‘e masinekeamer. Efkes útrêste. Pypskoft.

 

In grutske eigner

Mei rjocht in grutske eigner.

Werom