Motoaren

Werom

It frânsktalich ynstruksjeboekje

t Frânsktalige ynstruksjeboekje. Dit boekje is fan in 8 silinder motor, mar de motoaren wienen fierder it selde.

 

In diel fan it frânsktalich ynstruksjeboekje

In part fan de ynhâld fan it boekje. De 8 silinder motoaren hienen in ynhâld fan 10.640 cc.
Ekstrapolaasje nei de 12-silinder motoaren, jout in motorynhâld fan 15.960 cc. Te sjen is dat de motoaren foar yndustrieel gebrûk in maksimaal toeretal hienen fan 1.500 toeren per minút.

 

It ûnderdielenboek

It ûnderdielenboek. Lofts ûnderyn stiet oanjûn dat it boek útjûn is yn 1962.
De diselmotoaren wienen fan it type SA12L614. Út de dokumintaasje is ôf te lieden dat de F typen brûkt waarden foar transport, de A typen foar yndustriële doelen en de SA typen wienen bedoeld foar skippen.

 

De motor

De hiele motor. Oan beide kanten 6 silinders.

 

De 'blower'

De "Blower" foar de koeling fan de motoaren

 

De krukas

Ien fan de beide krukassen.

 

De silinderkop

In part fan it motorblok.

 

De brândstofpomp

De brândstofpomp.

Ik skat dat dizze motoaren yn de likernôch 35 jier dat se yn it skip stienen, earne tusken de 25.000 en 50.000 draaioeren makke hawwe. In automotor mei 250.000  km op te teller, hat der sawat 3.500 draaioeren op sitten. Dizze skipsmotoaren wienen fansels swier en robúst útfierd. It skip moat tôch gewicht hawwe en in motor ferfange dogge jo net samar. Fierders is 150 pk per motor neffens de hjoeddeiske stân fan de technyk fansels neat. Doedestiids wienen der dúdlik noch 12 silinders nedich om, sûnder turbo, 150 pk leverje te kinnen leveren. Mar dan wol 35 jier mei gean!

Werom