De Skāns

Werom

De āldste foto oant no ta, fan De Skāns. Mei tank oan Jan Vink śt Ermelo. Dit kranteknipsel datearret fan 1925. Under it kranteknipsel stiet te lźzen :

Krachtige actie wordt gevoerd ter verkrijging van een vlucht- en visschershaven voor het Friesche kustdorpje Oostmahorn aan de Lauwerszee. Z. Exc. de Minister van (Rollema) Waterstaat bracht in dit verband met deze pogingen kort geleden een bezoek aan het dorp en stelde een onderzoek in. Onze foto geeft een fraai beeld van de plaats aan den voet van den dijk.

Lofts achter de figuer ūnder oan de binnenside fan de dyk, is te sjen dat it PTT gebou der noch net stie. Wol liket it der op dat de " bouplak " klear makke wurdt. Dochs liket dat net wier wźze te kinnen. Op Wikipedia is it folgjende te finen oer dat gebou :

Aan de Oostmahorn 15 langs de dijk staat een voormalig versterkerstation van de PTT. Dit geelgeverfde in wederopbouwarchitectuur opgetrokken gebouw in de stijl van een Deense boerderij werd in 1950 gebouwd voor de aanleg van de 240-kilometer lange telefoonkabel door de Noordzee van Nederland naar het Deense eiland Rųmų. De technische ruimte van het telefoonkantoor bevond zich op de bovenverdieping. In 1962 verliet de PTT het gebouw.

Fan it libben op De Skāns is om 1940 it boppesteande filmke makke.

 

Sicht op De Skāns

De Skāns, lang foardat de Lauwerssee Lauwersmar waard. Foar it oanlizzen fan it Lauwersmar waard in saneamde wūrkhaven oanlein. Dizze wurkhaven lei būtendyks, sawat lofts fan it wurd "Oostmahorn" op dizze foto. De tagongswei nei de wurkhaven hie op dizze foto dśdlik te sjen west at dizze nei 1965 makke wie. Prominint te sjen is it rźdingshūs, sawat yn it midden fan de foto. Lofts de mźsten fan skepen oan de pier. It paviljoen op de dyk wie der noch net.

 

Pleats fan de fam. Jansma

Ek dizze foto is hyl āld. Ik kin my net oars heuge as dat der skuorren stienen efter de pleats fan de famylje Jansma. De skuorren binne der hjir noch net. Dizze foto is fan ōf de dyk nommen, met de haven "yn 'e rźch".

 

Stampfol mei auto's

Sa kin ik my De Skāns noch goed yn it sin krije, oerladen fol mei auto's fan eielāngongers. Dizze foto is ek fan foar 1969, it jier dat de Lauwerssee ōfsluten waard. It paviljoen op 'e dyk stiet der yntusken al

 

Kiekje fan De Skāns

Dizze foto hat kwa ālderdom gjin taljochting nedich. Let op de auto.

 

It parkearterrein

It parkearterrein fol mei auto's.  Fan De Skāns rūn in kanaal nei Dokkum. It wite "gebouke" lofts is in wenboat, sjoch ek op oare siden.

 

Kiekje fan De Skāns

De Skāns hie syn eigen benzinepomp, dizze wie fan de fam. Scheepstra. Op de eftergrūn wer ien fan de beide wenboaten, dy“t yn it kanaal leinen.

 

Kiekje fan De Skāns

Wer in ālde foto, sjoen nei de auto. Neffens śs heit is dizze foto fan flak nei de oarloch. De Skāns waard tidens de oarloch besketten troch de Dśtsers op Skiermūntseach. It twadde hūs oan de rjochterkant (mei de ljedder tsjin de gevel) is doe troffen troch in granaet. Hjir is it restauraasjewurk yn folle gong.

 

 De Skāns yn de winter

Waskdroegers koe men noch net, mar tōch gie it droegjen fan de wask yn 'e winter prima, sjoch de wask oan 'e line rjochtsūnder.

Loftsūnder in stikje fan de beide skuorren efter de pleats fan de fam. Jansma, sjoch hjirboppe. Rjochtsboppe is no de wurkhaven te sjen. Hjir waarden de matten flechte op it skeane plato, dy matten waarden ōfsonken as fūnemint foar de "caissons" dy't yn de dyk, dy't de lauwersmar ōfslśt, ferwurke binne. De wei nei de wurkhaven dy't op in eardere foto noch net wie, is no wol dśdlik te sjen.

De wurkhaven wie foar śs as bern in prachtige boarterstśn.

 

In part fan 'e ynwenners fan 'e Skāns posearret hjirre by it Krūthūs yn 'e dyk. Dizze foto is fan 1983.

Werom