Rędingsboat
De Skâns wie yn de tiid fan de Lauwerssee, de thúshaven fan de rędingsboat. Dizze boaten spilen in wichtige rol yn it deistich libben fan de bewenners, sa’t ik my heuge kin. As bern swommen we in “rűntsje rędingsboat”, űnder tafersjoch fan in muoike fan my.
De Insulinde stiet my net sgoed mear by, de lettere Gebroeders Luden wol.
Op dizze aansichtkaart stiet te lęzen: “It haventsje fan De Skâns mei de Insulinde oan de steiger en lofts op de foargrűn de kaptein fan de rędingsboat: Klaas Toxopeus.
No is it sa dat sawol Klaas as syn broer Mees in grutte rol spile ha yn de űntjouwing fan dizze
rędingsboaten. Mear ynformaasje is
hjir te finen.
Oan ‘e oare kant fan it wetter is dúdlik de kustline fan de provinsje Grins te sjen.
De Insulinde werom yn de haven fan De Skâns, jierren letter. De Lauwerssee wie allang ticht.
Hjir dan de Gebroeders Luden mei feart en faasje. Dizze boat stiet my noch goed by.