Ridders en helden
Somtiden stie it wetter yn de Lauwerszee sa heech, dat de fearsteiger op De Skāns ūnder wetter kaam. De reizgers moasten fansels wol fan board. Op de fotos hjirūnder sjogge jo hoe't dat gie. Op de foto ien fan de fjouwer fearboaten, die ik my heugje kin, dźr't mei fean waard op de feartsjinst De Skāns Zoutkamp Skiermūntseach, de Johan Willem Friso. Neist de Schiermonnikoog en de Friso waard destiids noch fean mei De Vooruitgang (bynamme: de banaan) en de Brakzand.
Op boppesteande foto waarden trije froulju en in hear mei help fan in bagaazjewein op it droege brocht, de wein waard fakkundich bestjoerd troch Jaap van der Wagen. Efter op it skip, mei wiet boesgroentsje en strik ober Ko Huizing. Op it skip stiet nei alle gedachten kaptein Klaas van der Zee, ik kin it net goed sjen, mar dit wie wol de man syn karakteristike lichemshālding.
Śs heit wist wol hoe't er galant wźze moest. In jonge faam op 'e rźch, koffer yn de hān, en tōgje mar troch dat sālte wetter. Wźr komme jo dat hjoeddedei noch tsjin.