De Romp, diel ien
Der is om april 2005 hinne starten mei de bou. As earste binne de orizjinele tekenings yn parten ynskand, dêrnei binne se mei in beamer op de muorre projektearre mei de krekte ôfmjittings en is alles op papier set dat ophong waard.
Dizze tekene eleminten binne dêrnei útknipt er oernommen op hout. Doe begon it grutte seagjen.
De earste ympresjes....
De spanten binne út 12 mm multipleks seage en lizze te wachtsjen...
Detailopname fan it meitsjen fan de kylbalke. Dizze is makke fan twa oan elkoar lime planken. De planke wie lykwols net breed genôch om de hichte fan it skip mei meitsje te kinnen. Dêrom moasten der op de boech en op de spegel fan it skip houten dielen plakt wurde. It is noch gjin gesicht, mar dat sil fêst wol goed komme.
15 oktober 2005. Lekker in dei yn ´e tún oan it wurk. Temperatuer sawat 19 graden.
Stadichoan begjint der in werkenbere foarm yn te kommen. De spanten binne hjir losjes yn de kylbalke pleatst.