De romp, diel 2

Werom

RŻnom kryst 2005 wie der wer efkes tiid om wat wurk te fersetten.

De skeage wurdt ķt de kylbalke beitele

De skeage wurdt ķt de kylbalke beitele. Hoewol ’t hjir giet om in relatyf ynf‚ldich detail, geat der dŰchs gau in oerke wurk ien sitten.

 

FÍstlymjen fan it spantwurk

It spantwurk wurd foargoed fÍstlime. Der is gjin wei mear werom. Alles fansels sa wetterpas mooglik, dus oanh‚ldend mei de wetterpas oan it wurk. Mjitte, kontrolearje, mjitte en wer kontrolearje.

 

Hjir in idee fan de grutte fan de boat

It spantwurk is klear. Om in idee te krijen fan de grutte fan de boat, hjir op de gefoelige plaat festlein tsjin in doar. De boat weaget op dit stuit 2,2 kg.

 

Myn freon Piter

Om fan de PVC doppen strielbuizen te meitsjen foar de skroeven, mat der wol it ien en oar oanpast wurde. Sa matte de r‚ne en de boaiem fan elke dop Űfseage wurde. Lokkich wie Piter, myn elektryske figuerseage sa freonlik om hjirby assistinsje te ferlienen.

 

It oanbringen fan de skroefassen

It oanbringen fan de skroefassen. De strielbuizen binne hjir al pleatst.

 

De kont fan it skip

Sicht op de beide skroeven, hjir fansels fotografearre fanŰf de efterside fan it skip.

 

De hear De Jong fan Van Voorden wize my der op dat dit gjin skroeven binne, die yn strielbuizen thķshearre. Hy wie sa freonlik om in eameltsje mei foto’s nei my te stjoeren, wÍrop it Żnderskied dķdlik te sjen is.

 

In gewoane skroef

Skroeven, dy’t net Żntwurpen binne foar strielbuizen, hawwe rŻne blÍdseinen. Boppesteande foto lit in soksoarte skroef sjen (mei tank oan de hear De Jong).

 

In skroef, Żntwurpen foar in strielbuis

De foto hjirboppe toant in skroef dy’t Żntwurpen is foar in strielbuis. Dķdlik is te sjen dat de blÍdseinen Űfkappe binne. Dizze skroeven binne fan it saneamd kaplanmodel. Op dizze foto is ek dķdlik te sjen daat de romte tusken skroef en strielbuis minimaal is. Myn heit wist him te heugjen dat se mei de fearboat ea in b‚n fan in auto yn de skroef hoan ha. Dizze siet muorrefÍst tusken skroef en strielbuis. De skroef is troch dizze b‚n sa hurd stil kaam te stean, dat de kearkeppeling it bejoech. De autob‚n is op de helling ferwidere. (Ek dizze foto mei tank oan de hear De Jong).

Foar safier ik wit binne der foar de modelbou gjin skroeven te finen fan it kaplanmodel, fandear dat ik oanwiisd bin op beskikbar reau.

Werom