Farre
It skip yn orizjinele steat, dus foar ferlinging. It leit hjir yn in binnenwetter, lokaasje ûnbekend.
In aansichtkaart fan it orizjinele skip.
Oankomst fan de fearboat. Ek hjir noch it orizjinele skip, dus de koarte ferzy. De matroas stjit klear mei de tros.
Yn folle see. Dit kin op de doetiidske Lauwerssee west ha, fanwege de begroeiïng oan de oare kant, of op de Waadsee, mei it eilân Skiermûntseach op de eftergrûn. It bysûndere fan it skip is, dat hoewel it hjir op folle snelheid farre sil, de golfslach minimaal is.
Deselde lokaasje, krekt efkes letter yn de tiid.
Ôfreis fan de fearsteiger fan De Skâns of Zoutkamp, wierskynlik De Skâns. It skip faart efterút om los te kommen fan de steiger, te sjen oan it flakke wetter tusken skip en fotograaf. Ôfladen fol, dus it mat in moaie simmersdei west ha.